LinKk, wat is dat?

Tsja, lang ferhaal. LinKk is in tydskrift, dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk op dyn skoalle. It stiet grôtfol mei ynterviews, celeb-roddels, gamenijs, muzykberjochten en oare linke saken. Mar LinKk is mear… LinKk sit ek op Insta en Facebook. It tydskrift komt seis kear út, mar fia de sosjale media bliuwst 24/7 op ‘e hichte fan wat der op de LinKk-redaksje spilet. Folgje LinKk en krij foarpriuwkes fan it nije LinKk-tydskrift, mar ek alle wiken leuke roddels en aparte weetsjes.

 

De makkers van LinKk

De tema’s fan LinKk komme oerien mei dy yn de metoade Searje 36 foar it fak Frysk. De redaksje en útjefte fan it tydskrift is yn hannen CEDIN yn Drachten. In abonnemint bestelle of ôfsizze kin fia linkk@cedin.nl of fia https://searje36.frl/linkk/.

CEDIN/Sintrum Meartaligens
Lavendelheide 21
9202 PD Drachten
(t) 0880 200 300
(e) linkk@cedin.nl
(w) www.cedincentrummeertaligheid.nl

 

Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. www.taalplan.frl

Frysk, foar no en letter

 

In los abonnemint op LinKk à 6 nûmers kostet € 14,00.

LinKk hat spesjaal foar skoallen ek kollektive abonneminten:
  2 o/m   5:€ 12,00 it abonnemint
  6 o/m 10:€ 11,00 it abonnemint
11 o/m 15:€  10,00 it abonnemint
16 o/m 20:€   9,00 it abonnemint
21 en mear: €   8,00 it abonnemint
Help nedich by it Frysk?!

Sjoch op https://taalhelp.frl/ foar Fryske taalhelpmiddels en apps.