Wylst ik dit skriuw, is de útrikking fan de Oscars trending op
Twitter. Dat stiet teminsten yn de list mei Trending Topics. Handich sa’n list, dan witst fuort wat der spilet yn ‘e wrâld. Want wy meie graach op ‘e hichte wêze… It tema fan dizze LinKk is dan ek ‘Trends’. Mar hoe sit dat eins mei dy Trending Topics, is dy list wol represintatyf? Of wurdt der ek wolris mei knoeid? Kinne wy as ‘deagewoane boargers’ bygelyks ek Trending Topic wurde? Dat soe legendarysk wêze fansels! Oft soks kin, lêst yn it artikel op side 18.
It fuotbal hat ek syn eigen trends. It spultsje bliuwt gelyk, mar de omballingen (bijzaken) derom hinne feroarje hieltyd. It artikel op side 4 fertelt dy der alles oer. Fraachje: pimpsto dyn klean wolris? Dat betsjut dyn klean ‘eigen’ meitsje troch se sels te fersieren. Sa bist wer hartstikke hip sûnder datst nije klean keapest! Tips foar it oppimpen nedich? Blêdzje dan gau fierder nei side 6 en 7.
Alles oer dizze en oare ûnderwerpen lêsto yn dit gloednije tydskrift. Witsto noch oare leuke ûnderwerpen foar LinKk? Mail se nei linkk@cedin.nl.
In protte lêswille!
Marrit de Schiffart
Cedin/Taalsintrum Frysk








