LinKk is in tydskrift, dat seis kear yn it jier ferskynt en heart by de lessen Frysk op dyn skoalle. It stiet grôtfol mei ynterviews, celeb-roddels, gamenijs, muzykberjochten en oare linke saken.
Abonnemint op Linkk?
LinKk wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en is fergees te bestellen yn klassesets fan 30 stiks. Bestel LinKk.
Nijste edysje
LinKk 4 – Bisten en natuer
Fertrietlik. Dat waard ik fan de Netflix-doku A Life On Our Planet. It is it persoanlike ferhaal fan de wrâldferneamde biolooch David Attenborough. Hy is 97 (!) en hat syn libben lang natuerfilms makke. Yn A Life On Our Planet, wierskynlik syn lêste wurk, fertelt hy hoe’t er de natuer yn syn libben feroarjen sjoen hat. En dat makket fertrietlik. Dochs jout de film ek hoop. Neffens Attenborough is it noch net te let om de ierde te rêden. Safolle mooglik plestikfrij libje kin dêrby helpe. Pelle docht dat al mei syn famylje. Hy fertelt deroer op side 4. Ek apps of oare technology soene helpe kinne. Daniël de Boer socht foar LinKk de meast handige natuer-apps út. It resultaat lêst op side 14. Lês LinKk>
Alde LinKks fynst hjir
Jiergong 2023-2024
Jiergong 2022-2023
De makkers van LinKk
De tema’s fan LinKk komme oerien mei dy yn de metoade Searje 36 foar it fak Frysk. De redaksje en útjefte fan it tydskrift is yn hannen Cedin yn Drachten. In abonnemint bestelle of ôfsizze kin fia linkk@cedin.nl of fia https://taalplan.frl/oanmelde/.
Cedin/Sintrum Meartaligens
Lavendelheide 21
9202 PD Drachten
(t) 0880 200 300
(e) linkk@cedin.nl
(w) www.linkk.frl